PKN
Protestantse Gemeente te Engwierum
 
Doopdienst Jildau Pietsje Raven

Doopdienst Jildau Pietsje Raven

Doopdienst
Op zondag 11 december 2016 is Jildau Pietsje, dochter van Pieter-Willem Raven en Paulien Slagman gedoopt. Samen met familie, vrienden en de gemeente hebben we deze feestelijke dienst met elkaar beleefd. We feliciteren de doopouders met de doop van hun dochter.

 
Actie voedselbank Dongeradeel

Actie voedselbank 2017
Actie voedselbank Dongeradeel

Leerlingen van CBS de Springplanke hebben alle verzamelde voedselproducten voor de voedselbank Dongeradeel naar de kerk gebracht.
 

 
bevestiging Ds Veltman bevestiging Ds Veltman



meer FOTO's

 
Van Dam Orgel 2015 Van Dam Orgel 2015



voor meer foto's  KLIK

 
Bezoek Thijs Roorda Bezoek Thijs Roorda

Vorige week donderdag mochten we een gemeenteavond houden. Voor de pauze hebben de we de financiële zaken in onze gemeente besproken en de mutaties onder de leden. Na de pauze werd Thijs Roorda van harte welkom geheten. Thijs is geboren in Engwierum en op zijn elfde geëmigreerd. Hij woont momenteel in Amerika. Zijn broer Andy was ook aanwezig. Thijs heeft ons verteld over zijn goede herinneringen aan Engwierum. Daarbij heeft hij zijn gang naar de kerk en zondagsschool als een stevige basis voor zijn geloof ervaren. De herinneringen daaraan draagt hij al zijn hele leven met zich mee. Hieronder vindt u de volledige toespraak van Thijs en in het fotoalbum enkele foto's .

Wat hat Ingwierrum bydroegen oan Amearika?
Jim wurde betanke foar dizze gelegenheid om dizze gedachten mei jim te delen, directe family, mar ek familyleden in de geest: doarpssbewenners en gemeenteleden. Ik haw it thema fan dit koart ferhaal de titel jûn: Wat hat Ingwierrum bydroegen oan Amearika?
Der binne hjir in soad minsken dy’t noait de winsk hân hawwe om te emigrearjen út it bertelân, mar faaks wol nijsgjirrich nei it libben fan dy minsken fan dit doarp en safolle oare fryske doarpen. Minsken dy’t fier fuort giene nei lannen as Australië. Nij Seelân, Súd Africa, Kanada of de Feriene Steaten fan Amearika. In tal fan dizze ferhalen binnen bondele yn “It Wrede Paradys“ fan Hylke Speerstra. Der binne op dit stuit hiel wat twadde en tredde generaasjee immigranten ferhalen oan it skriuwen oer har foarfaars dy’t it âlde lân ferlieten.
[ ref: Leo Popma’s Country Fair ]Yn in protte gefallen kinne jim de family’s fan dyjingen die fuortgiene en sommige fan har familyleden dy’t hjir bleauwen.
Yn ús gefal, earste generaasje immigranten: wy hawwe tichte en djippe kontakten hâlden oan ús berteplak. Myn broer Andy troude sels in dochter út dit doarp, Ina Visser, en kaam werom en is troud yn dizze tsjerke. Spitigernôch stoar se troch kanker trije jier ferlyn en leit se begroeven yn in lyts gemeentebegraafplak flakby wêr’t in nije family ûntstie yn de steat New Hampshire. Us mem wie ut Amearika ek gauris in’t doarp op besite. Us pake en beppe en oare familyleden binnen begroeven op it begraafplak noch net 20 meter hjir fanôf. En noch hawwe wy Miedema en Roorda omkes en muoikes en neven en nichten en har familys dy’t hjir noch libje. Der hawwe ferskate gelegenheden west dat ik hjir werom kaam, allinnich, mei myn trije bern of mei myn Vietnamese frou. Mar wat is dan de djippere bân dat Ingwierrum hat mei Amearika, it lân dêr’t wy hinnen emigrearden yn desimber 1956, doe’t ik 11 jier wie en myn broerke noch wat jonger..
Ik fyn it moai om oan jim een pear persoanlike oertinkingen oer wat ik en myn beste broer Andy oerkommen is, kwyt te kinnen en dêrmei ús woartels hjir yn Ingwierrum te wurdearjen. It wichtichste fan dy ynfloeden is de Tsjerke en de Kristlike Skoalle dy’t sintraal stiene, dy twa foarmen de rotsboaiem fan ús libben as leauwigen. It gefoel dat God echt en oanwêzich wie elke dei fan ús libben. As wy it no moai fûnen of net, of wy der ús fan bewust wiene of net, alles is ûntstien yn Ingwiierum. It waard elke dei fersterke , as wy kuieren it paad lâns de hege hage om it tsjerkhôf hinne en de tsjerke op wei nei hûs troch de bakkersreed. As it net de grutte tsjerke wie dan wie it wol in oaren ien dy’t net in each ticht die as wy wat bernichs of stoms diene. It hûs is no fuort, mar ik kin noch altyd de tsjerkeklok hearre dy’t elke oer syn lûd harre lit. Ik kin my noch foar de geast krije: de hoanne fan de toer, altyd sichtber , it makke net út wêr’t wy wien yn ‘e buert fan Ingwierrum. Hoewol’t wy lid wiene fan de Griffermearde Tsjerke, kin ik my noch heuge de kristtiet fieringen dy’t ik meimakke yn de de Herfoarme Tsjerke mei de grutte beam en echte kearsen dy’t flikkeren foar it alter.. En ik kin my noch goed heuge de sinasappel en in boek dat wy dan altyd krigen. Dy dingen barden in lange tiid lyn, mar binne ús altyd bybleaun. Dy brochten by ús ta stân in djippe wurdearring foar it belangrike plak fan de Tsjerke en de Sneinsskoalle en hat it libben fan ús as leauwigen bepaald. De bibelske ferhalen dy’t wy hearden as bern fan de Sneinsskoalle en de foarlêzen ferhalen fan de Bernebibel by ús thús (dy haw ik noch altyd) hawwe foar oanhâldende yndrukken soarge en foarmen fêste gewoanten ús hiele libben troch. En myn broer en ik haw fertrouwen yn dizze God krigen dy’t in libbene God foar ús wurden is en yn de moeting mei him., soms “wrede paradys” jierren, begûn mei de earste ûnderfiningen fan lange preken dy’t te ferdragen wiene mei help fan inkele pipermuntsjes en it sa no en dan hearren fan de tsjerkeklokken en it sjen fan in tal heiten en memmen en diakenen dy’t sunder twifel,yn djippe meditaasje de eagen ticht hiene tidens de preek. Sûnder twifel hawwe wy sa folle letter grutte wurdearring hjirfoar krigen. Letter, doe’t wy groeiden yn ús leauwen en frou en bern krigen en yn myn gefal in baan krigen by de Washington Post, in Washington DC en ús leauwen fan betjutting wie en ús motivaasje en manieren beynfloede yn de kontakten mei minsken dy’t ûnder of boppe ús stiene. Dat hat fan gefolgen hân dat wy beide aktyf waarden binnen yn ús beide tsjerken. Ik fyn it moai te tinken dat de prizen, earbewizen en beleaningen dy’t wy troch de tiid hinne krigen hawwe, foar in grut part te tankjen binne oan de folgjende foarbylden fan karakter kwaliteiten. Dy krigen foarm troch de minsken dy’t hjir eartiids rûnen yn de strjitten fan dit doarp, minsken dy’t djip woartele wiene yn de Reformaasje theology,mei in positive kulturele identiteit en dúdlike en hege ethische noarmen en wearden; en faaks in bytsje Fryske koppichheid, mei de gebrûklike miks fan minsklike tekoartkommings. En wy soene net ferjitte wolle in bytsje fan opstannichheid dat elk jier om Nijjiersdei omheech komt.
Ús bernejierren yn Ingwierrum is in oantinken as in tiid doe’t ús libben meastentiids gelokkich en ûnskuldich wie tusken Barwegen, dêr’t ús pake en beppe Roorda wennen en in fingerwizing nei de potentiële wreedheid fan minsken troch de ferhalen dy’t wy hearden oer Joaden dy’t ûnderdûke moasten, ek op Barwegen yn de twadde wrâldoarloch en de Syl dêr’t ús pake en beppe Miedema “op de fabryk”wenne en wy yn kontakt kamen mei frjemde minsken en plakken. De fiskers fan Seelân en de seelju út Ingelân. En de bûtendyk en de brêge wêr’t myn broer Andy en ik oan it fiskjen wiene en ik ien kear him fan ferdrinking rêden haw doe’t hy in kanaal foel. My heucht de stoarmachtige nacht fan febrewaris 1953, wylst ús heit en mem mei safolle oare minsken, de hiele nacht troch de dyk lâns rûnen fan de doedestiidse Lauwerssee en wy learden dat úteinlik God ús rêde koe. En ik kin my herinnerje hoe’t wy klean sammelen foar minsken yn Seelân fan wa’t de diken de stoarm net trochstean koene. Ik herinnerje my it fûle reinen yn de winter en it reedriden op de kanalen. . En ik herinnerje my de tulpefjilden om Pinkster hinne, it ûngetiidzjen yn de fjilden fan “de mieden” mei ús omke, de ferwûndering en ferwachting fan Sinteklaas mei de yntrodukjes fan boartersguod achter it rút fan Kingma en it mystery fan in helder folle moanne let yn de nacht wylst ik nei hûs ta run mei ús pake. En wy herinnerje ús mei waarme gefoelens de fekânsje by beppe Roorda’s hûs, dy’t de beste oaljeballen makken mei it Nije Jier. Yn dy ûnderfiningen tidens al dizze betide bernejierren sjogge wy no yn in wrâld fan allegedurerige chaös fan politike en ekonomische delgong en de gebrûklike oantal fan fernietigende natoerrampen en hyltyd mislike aktiviteiten fan minsklikke diktators, waarden wy bekerme troch de leafde en de soarch fan de minsken iyn dit lytse doarp, in dizze fiere hoeke fan dizze provinsje, beskreme achter diken fan in bedrigende See.
En wy groetsje en lokwinskje jim foar it sneinsskoalle Peaskeprojekt. Wa wit hoe ’t dit foar bern dy’t hjir hjoed by binne, fan ynfloed hawwe sil en hy of sy letter beleane wurdt of stil stiet by wat hy of sy berikt hat en dan yn steat wêze kin om te wizen nei Ingwierrum en sizze kin dat it kommen is fan de minsken fan dizze tsjerke en de mienskip dy’t Jezus as foarbyld naam en my yn de goede rjochting stjoerde.

Danke wol. Ted (Thys) en Andy (Anne) Roorda

 

 
De fusie is een feit De fusie is een feit

'The day after'

Een liefdevolle dag te Engwierum

Gistermorgen vroeg, de lucht was grijs en grauw en de regen viel gestaag naar beneden, maar uit de dorpskerk van Engwierum klonk een zonnig gezang.
"De vreugde voert ons naar dit huis" werd uit volle borst gezongen.
Notaris Hellema las gedeeltes uit de te tekenen akte voor, waarna deze door de desbetreffende personen werd ondertekend.
DE FUSIE WAS EEN FEIT.
Drie kerkenraadsleden kregen van dominee Peersmann een hand met een woord van felicitatie en zij gaven op hun beurt de felicitatie door aan de gemeente in de kerk.
De voorzitter van de kerkenraad, dhr. J.W. Stuursma, nam het woord en vertelde over al die 40 jaren dat het heeft geduurd om als Geref. kerk en Herv. gemeente te fuseren.
Ook dankte hij de scriba dhr. W. Veninga voor zijn inzet van de afgelopen anderhalf jaar.
Veel brieven, mailtjes, telefoontjes en gesprekken heeft hij moeten afhandelen om op deze dag de akte getekend te krijgen.
Als laatste vroeg dhr. Stuursma aan 2 kinderen om de lijsten te onthullen, waarop al de namen van de predikanten staan, die in Engwierum bevestigd zijn geweest als predikant.
Eén lijst met Geref. dominees en één met Herv. dominees.
Deze krijgen een ereplaats in de consistorie van de kerk.
Op de derde lijst komt als eerste de naam van de huidige predikante, ds. E.J.M. Peersmann.
De dienst ging verder met de Heilige Schrift.
De tweede lezing was de lezing van de zondag, Joh. 15:9-17, die zeer toepasselijk was voor deze dienst.
Het eindigde met de woorden: "Heb elkaar lief".
Ook in de preek die daarop volgde werd dit naar voren gebracht.
Als slotlied van de dienst werd "Er komen stromen van zegen" gezongen.
‘Er komen stromen van zegen
dat heeft Gods woord ons beloofd
stromen, verkwikkend als regen
vloeien tot elk die gelooft.’
Hoe toepasselijk als je onder het zingen naar buiten keek, het regende nog steeds.
Na de dienst lieten de kinderen witte ballonnen de lucht ingaan, witte ballonnen als teken van vrede: het verleden werd nu losgelaten, in de verwachting van een vrolijke en liefdevolle toekomst.
Vijfentachtig gemeenteleden zijn naar de brug gegaan, waar de rondvaartboot De Vlinderbalg klaar lag om naar het Lauwersmeer te vertrekken.
Van 11.30 tot 15.30 uur hebben de gemeenteleden van de protestantse Gemeente te Engwierum genoten van elkaars aanwezigheid, onder het genot van koffie met gebak en een uitgebreide luxe scheepslunch.
Onderweg werd er op een accordeon vrolijke muziek gemaakt, waarbij uit volle borst werd meegezongen.
De stemming aan boord was zo vrolijk dat zelfs het zonnetje om het hoekje kwam kijken.

Baukje Wijma - de Haan

 

 
 
 
Kerkdienst

Elke zondag, 9.30 uur Kerkdienst in de PKN kerk.
 
BELEIDSPLAN
Beleidsplan Dicht bij het hart

Beleidsplan voor de Dienstenorganisatie
van de Protestantse Kerk in Nederland
2017 – 2020
Beleidsplan
 
 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.